Wethâlder Akkerman: Beslút oer wynmûnen komt te betiid

04 apr 2015 - 15:15

Wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest-Fryslân is teloarsteld oer it momint wêrop't minister Kamp fan Ekonomyske Saken syn beslút oer de wynmûnen bekend makke hat. De gemeente ferwachtet oer ien oant twa wiken de útslach fan in helberheidsûndersyk oer wynmûnen by de Ofslútdyk. Wethâlder Akkerman hie graach wollen dat de minister dêrop wachte hie.

Kamp hat yn in brief oan de Twadde Keamer oanjûn te kiezen foar in wynmûnepark yn de Iselmar by Makkum.

Deputearre Hans Konst is dêr net ferrast oer. Fryslân moat der alles oan dwaan om de 530,5 megawatt oan wynenerzjy op te bringen en de ferrommeling fan wynmûnen op it lân op te romjen, seit Konst.

Alie Talhout fan stichting Don Quichot is lilk oer de kar foar wynmûnen by de kust fan Makkum. Sy ropt ferskate organisaasjes op juridyske stappen te ûndernimmen as de Twadde Keamer akkoart giet mei it beslút fan minister Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)