Kevertreffen by Omrop Fryslân yn it ramt fan Nostalgywykein

04 apr 2015 - 14:44

Op it parkearterrein fan Omrop Fryslân yn Ljouwert stiene sneontemiddei tsientallen folksweinen kevers. Dêr wie in kevermoeting yn it ramt fan it nostalgywykein. De leafhawwers koene dêr mei-inoar yn de kunde komme. It radioprogramma Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot docht live ferslach fan de moeting. It treffen is ek te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Yn it Nostalgywykein leit de klam op de jierren '70. Sa wurdt der inkeld mar muzyk draaid út dy jierren.

Sjoch op Facebook foar de foto's

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)