Wynpark Fryslân wiis mei beslút minister Kamp

04 apr 2015 - 11:14
  • De Iselmardyk

De inisjatyfnimmers fan Wynpark Fryslân binne wiis mei it beslút fan minister Kamp om it wynmûnepark by de Ofslútdyk del te ferbieden. Fryslân moat de wynmûnen neffens de minister yn it eigen diel fan de Iselmar pleatse.

Wynpark Fryslân wol no sa gau mooglik mei de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân om tafel om de plannen fierder út te wurkjen. Wynpark Fryslân hat trije jier oan de plannen wurke en dy binne sa goed as klear. De organisaasje neamt it beslút fan Kamp it meast logyske plak foar wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)