Plysje lûkt pistoal foar man mei kapmes

04 apr 2015 - 10:38

De plysje hat sneontemoarn op It Hearrenfean it pistoal lutsen by de oanhâlding fan in 34-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. De plysje krige om fiif oere de melding dat de man ûnderweis wie nei in kroech om dêr wraak te nimmen.

Dêr oankaam seach de plysje flakby de kroech de man bûtendoar op in bankje sitten mei in grut kapmes dat út syn jasbûse stuts. De fertochte makke in beweging nei it mes. In plysje luts syn tsjinstpistoal. Dêrop koe in oare plysje it kapmes ôfpakke. De man is yn de boeien slein en meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)