Minister Kamp wol gjin wynmûnen by de Ofslútdyk del

© Omrop Fryslân
Fryslân moat de wynmûnen yn it Fryske part fan de Iselmar delsette. De provinsje krijt gjin tastimming fan minister Henk Kamp om de wynmûnen by de Ofslútdyk del te setten. In mearderheid fan de steaten hat dêr ferline jier foar keazen. Neffens Kamp duorret it te lang foar't de wynmûnen oan de Ofslútdyk der stean, om't allerhanne prosedueres opstart wurde moatte.
De plannen foar wynmûnen yn de Iselmar lizze al klear. Fryslân is neffens Kamp de iennige provinsje dêr't it net slagge is om sels mei in goed beslút te kommen.