Epke Zonderland yn finale rekstôk en brêge yn Ljubljana

03 apr 2015 - 21:31

Epke Zonderland komt snein yn Ljubljana by de wrâldbekerwedstriden út op twa tastelfinales. Oan it rek helle er de heechste skoare (14.950) fan de acht finalisten. De Argentyn Bicolas Cordoba is de nûmer twa mei 14.700. Mei 15.150 op de brêge gong Zonderland as twadde nei de finale. Allinne de Kolombiaan Jossimar Orlando Calvo Moreno wie mei 15.300 better. Yn totaal helle Nederlân tsien finaleplakken yn Slovenië. De wedstriden yn Ljubljana binne de opmaat foar it EK turnjen yn Montpellier mids april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)