It toeristeseizoen yn Ljouwert is iepene

03 apr 2015 - 20:34

Yn Ljouwert is freedtemiddei it toeristeseizoen 2015 iepene. Dat barde yn it gebou fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Stedsgidsen wurde dit jier yn nije klean stutsen en krije oare apparatuer foar harren rûnliedings troch de stêd. De wichtichste 'spotlights' foar Ljouwert moatte dit seizoen de Prinsetún, de musea, it HCL en de Aldehou wurde.

De befrijing fan Ljouwert, dit jier 70 jier lyn, moat ek in belangrike rol spylje. De organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 is posityf foar it kommende toeristeseizoen. De KLM skynt sels kontakt socht te hawwen om't se belangen sjogge yn it feit dat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)