Fûgelwachters geane nei hutten Waadgebiet

03 apr 2015 - 18:28

De fûgelwachters nimme dizze dagen wer plak yn de fûgelhutten yn it Waadgebiet. De húskes steane op de Boskplaat op Skylge, de Kalkman, Rottumerplaat en Rottumereach. It briedseizoen stiet wer foar de doar. Tûzenen fûgels sykje in plak om te brieden. Sy moatte beskerme wurde. De fûgelwachters binne meiwurkers fan Steatsboskbehear en frijwilligers. It fûgelwachtershúske op de Kalkman, tusken It Amelân en Skiermûntseach, hat skea oprûn troch heech wetter en stoarm. Dat moat earst wer makke wurde.

De fûgelwachters kinne dêr pas ein april hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)