Supermerken De Fryske Marren wolle iepen op snein

03 apr 2015 - 15:36

Supermerkeigeners yn de toeristyske doarpen yn De Fryske Marren fiele harren yn de steek litten. De gemeente wol net dat harren winkels op snein iepengean yn it rekreaasjeseizoen. De doarpen dêr't boatsjefarders komme, hawwe in oanfraach foar sneinsiepenstelling yntsjinne, mar de gemeente hat inkeld dy fan Terherne goedkard.

De oare doarpen hawwe de gemeente in pear kear om in evaluaasje frege, mar de gemeente hat dy noch altyd net útfierd. Mei de peaskedagen binne der boatopstapdagen yn ferskate doarpen.

As de winkels net iepen binne, kinne de toeristen gjin iten en drinken ynslaan. Ek is der dan foar harren minder te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)