Omrop-TIP: Bynt mei de PR-man fan Martin Luther King

06 apr 2015 - 09:00
  • Martin Luther King en Harcourt Klinefelter

As jong teologystudint seach de Amerikaan Harcourt Klinefelter op televyzje de taspraken fan dûmny Martin Luther King, dy't djippe yndruk op him makken. Hy sleat him oan by de boargerrjochtebeweging en waard as PR-man opnaam yn de stêf fan King.

Yn it djippe suden fan Amearika rûn Harcourt Klinefelter de Friezinne Annelies Koopmans tsjin it liif, dy't foar in útwikselingsprojekt fan har tsjerke yn Drachten ôfreizge wie nei de swarte getto's fan Atlanta yn Georgia.

It stel rekke befreone mei de famylje King en makke sa in histoaryske perioade út de Amerikaanske skiednis fan tichtby mei. Yntusken wenje Harcourt en Annelies al sa'n fjirtich jier yn Stienwikerwold en sette se har yn om de dream fan King fan likense rjochten en geweldleas ferset yn libben te hâlden. Yn Bynt in wiidweidich petear mei it Amerikaanske-Fryske stel. Op Omrop Fryslân Televyzje om 17:20 oere. It programma wurdt alle oeren werhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)