PvdA tige teloarsteld oer advys ynformateur Benedictus

De Fryske PvdA is tige teloarsteld oer it advys fan ynformateur Benedictus om in nij kolleezje te foarmjen mei CDA, VVD, SP en FNP. Listlûker Jannewietske de Vries begrypt net dat Benedictus en it CDA beslute om sûnder de Partij van de Arbeid fierder te gean. "Foar ús binne der gjin blokkades", seit De Vries yn in earste reaksje. "Nei fjouwer jier oparbeidzjen leit der in prachtich fûnemint foar in sterker Fryslân. Dat wurdt no ferswakke."
De PvdA neamt it oan de kant skowen fan de partij 'ûnfertsjinne en ûnnedich'.
De PvdA is benammen teloarsteld yn it CDA. De Vries wie graach fierder gien mei it neffens har tige súksefolle ynvestearringsbelied fan de ôfrûne jierren.
Neffens ynformateur Geart Benedictus hat de PvdA 'himsels út de formaasje wrotten' troch saken te freegjen dêr't de oare partijen net yn meigean woene. It gie hjirby om saken as it oantal deputearren, mar ek om programmatyske ferskillen. De PvdA soe oanstien hawwe op in kolleezje fan seis deputearren om sa twa PvdA-deputearren hâlde te kinnen. Foar it CDA wie dat ûnbesprekber.