SC Cambuur wol achtste wurde yn de earedivyzje

03 apr 2015 - 14:06

De seleksje fan SC Cambuur is noch net folslein fit, mar in wykein sûnder fuotbal hat der wol foar soarge dat trainer Henk de Jong wer oer mear spilers beskikke kin. Sa binne Sander van de Streek, Wout Droste, Mohamed El Makrini, Martijn Barto en keeper Leonard Nienhuis snein ynsetber yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De ploech út Deventer sit yn swier waar. De ploech stiet op it foarlêste plak en joech fjirtjin dagen lyn trainer Foeke Booy dien. Trainer Henk de Jong wol mei syn seleksje foar it achtste plak yn de earedivyzje gean.

Mooglike opstelling Cambuur: Leonard Nienhuis; Wout Droste, Etiënne Reijnen, Calvin Mac-Intosch, Lucas Bijker; Erik Bakker, Sander van de Streek, Mohamed El Makrini; Daniel de Ridder (Mikhail Rosheuvel), Bartholomew Ogbeche, Furdjel Nasingh.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)