"Grutte gemeenten moatte mear ynleverje"

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert © ANP
De grutte gemeenten fan Nederlân binne benaud dat se bot ynleverje moatte troch in oare ferdieling fan it Gemeentefûns. Dat seit foarstitter Ferd Crone fan de G32, it gearwurkingsferbân fan 32 grutte gemeenten. Crone hâldt rekken mei in ferskowing fan jildstreamen fan de grutte nei de lytsere stêden.
Crone fynt dat gjin goed plan. "Grutte gemeenten hawwe in sintrum funksje foar de regio. Troch de nije taken moatte we no mear wurk dwaan foar minder jild."