Transportbedriuw Van der Meulen oernommen troch Peter Appel

03 apr 2015 - 10:30
  • A. van der Meulen
  • Frachtwein Peter Appel

Transportbedriuw Ate van der Meulen yn Drachten is oernaam troch Peter Appel Transport yn Middenmeer. Van der Meulen kin gjin opfolger foar syn bedriuw fine. De njoggentich personielsleden en fyftich auto's fan Van der Meulen geane mei oer nei Peter Appel. Van der Meulen yn Drachten giet net ticht nei de oername. It bedriuw giet fierder ûnder deselde namme op itselde plak.

Peter Appel is in grutte spiler op de transportmerk. It bedriuw hat mear as 1200 meiwurkers yn mear as 35 plakken yn Nederlân en België.

Ate van der Meulen is tefreden mei de oername. Syn klanten kinne tenei gebrûk meitsje fan it netwurk fan Peter Appel Transport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)