Enerzjykorporaasjeman fan It Amelân kriget freed natuerpriis

03 apr 2015 - 08:42

Johan Kiewiet, de oprjochter fan de Amelander Energie Coöperatie, krijt freedtemiddei de Pluk van de Pettefletpriis 2015. Hy hat wûn yn de kategory Fryslân.

De priis is in inisjatyf fan Natuer- en Miljeufederaasjes yn gearwurking mei it radioprogramma Vroege Vogels. De erkenning is bedoeld foar minsken dy't harren op bysûndere en kreative wize ynsette foar natuer en miljeu yn de eigen omjouwing. Kiewiet is bliid mei de priis, en net allinnich foar him persoanlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)