Basisskoallen winne prizen yn Techniek Toernooi

03 apr 2015 - 08:13

Fjouwer Fryske basisskoallen hawwe in priis wûn yn de noardlike finale fan in lanlike technykwedstriid. De Professor Casimirskoalle út Kollum wûn in twadde en in tredde priis, de Keningin Julianaskoalle, ek út Kollum, wûn in twadde priis. Der wiene twa twadde prizen foar De Kampingerhof út Easterwâlde en in tredde foar De Lege Geaën út Sibandabuorren.

It Techniek Toernooi is opset troch de Nederlandse Natuurkunde Vereniging. Bern moasten sels dingen betinke en útfiere foar de wei- en wetterbou, bygelyks in akwadukt bouwe.

De winnende skoallen gean troch nei de lanlike finale. De priisútrikking wie dit jier yn Grins. Takom jier is it yn Fryslân. Oan de edysje fan dit jier diene, njonken de priiswinnende Fryske skoallen, ek Fryske skoallen mei út Beetsterweach, Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer en Feanwâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)