WK kuorbal ûnder 19 jier lûkt jongerein út trettjin lannen

It wrâldkampioenskip kuorbal foar spilers ûnder de 19 jier is op sportkompleks Kealledykje yn Ljouwert tongersdeitejûn feestlik iepene. Freed begjinne de wedstriden fan de tweintichste edysje en dêr dogge teams út trettjin lannen oan mei. Under oare Sina en Brazilië binne fan de partij. It is foar it earst dat Nij-Seelân in team leveret.
Snein om 16.45 oere is de finale fan it toernoai. Nederlân is de grutte favoryt. Der stean 55 wedstriden op it program. Snein is der in reüny ta eare fan it fjirde lustrum.