Keunstner Dick Visser wol leafde ferspriede mei wite popkes

Mei in ynvaazje fan wite popkes, saneamde ploppers, wol keunstner Dick Visser de wrâld wer in bytsje leuker meitsje. Tongersdei is yn de Achmeatoer yn Ljouwert in lytse eksposysje iepene fan de Snitser keunstner.
Visser rekke ynspirearre troch de heftige ferhalen yn de wrâld fan de ôfrûne tiid. Syn ploppers moatte in boadskip fan leafde ferspriede. Visser hopet ek dat de popkes dy't stean foar respekt minsken oansette om werris mei-inoar te praten. De tentoanstelling stiet in skoft en komt dan op oare plakken yn de provinsje te stean.