FNP: Neam nije iishal Alvestêdehal

02 apr 2015 - 15:39

De FNP yn de gemeente Ljouwert wol dat de nije Ljouwerter iishal de namme Alvestêdehal krijt. De FNP-fraksje komt mei dit foarstel nei de bekendmakking dat it byld de Alvestêderider, dat by it WTC stie, nei it nije plein by de iishal ferhúzje sil. Neffens de FNP is de namme ek tige geskikt omdat de nije iishal it startpunt fan takomstige Alvestêdetochten wêze sil.

De FNP-fraksje hat dit yn skriftlike fragen foarlein oan b. en w. fan Ljouwert.

Trefwurden: 
iishal FNP Alvestêdehal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)