Fertochte Sint-Nyk: "Ik hie nei hûs ride moatten"

© ANP
De frou út Sint-Nyk dy't derfan fertocht wurdt dat se twa jonges út it doarp mei opsetsin oanriden hat, seit dat dat in bizarre manier fan optreden west hat. Se hie better nei hûs ride kinnen, seit se sels oer har aksje. De frou stiet tongersdei yn Ljouwert foar de rjochter. Se ried de jonges ferline jier yn de simmer oan. Neffens har wie se achter de jonges oanriden omdat se har nocht derfan hie dat de jonges har hûnen narren.
By de oanriding rekke ien fan de jonges sa slim ferwûne dat er no blyn is oan ien fan syn eagen.