Bewegings Cessna boppe fleanbasis lûke de oandacht

Yngong fleanbasis Ljouwert © ANP
In fleantúch fan it Nationaal Luchtvaart Labaratorium wie tiisdei en woansdei dwaande om start- en lanningsgegevens op de fleanbasis Ljouwert te kalibrearjen. It tastel, in Cessna C550, makke ferskate fleanbewegings oer Stiens, Damwâld, Hurdegaryp, rjochting Frjentsjer en wer werom nei Ljouwert.
Trochdat it fleantúch leech fleach, luts it bot de oandacht fan minsken. Neffens de Fleanbasis Ljouwert gie it om in 'rûtine-putsje' en hie it kalibrearjen neat mei de ynternasjonale oefening Frisian Flag te krijen. Dy is fan 13 oant 24 april.