Harkyt en Ljouwerter oppakt foar hûndert ynbraken

02 apr 2015 - 14:00
  • Oanhâlding

In man fan De Harkema (53) en in Ljouwerter (30) binne tiisdei oppakt foar ynbraken yn goed hûndert skuorren en loadsen yn Noard-Nederlân. It duo soe ûnder oare kettingseagen, blêdblazers en ark meinaam hawwe. De plysje die al sûnt novimber ferline jier ûndersyk nei de ynbraken. Ofrûne tiisdei binne de manlju trapearre by in ynbraak yn Midwolda. Dêr is ek in man út Sigerswâld (45) oppakt. Dy is letter wer frijlitten.

De plysje hat stellen guod weromfûn yn in loads oan de Noarderdwersstrjitte yn Drachten.

Yn de loads is njonken stellen guod ek 460 kilo fjoerwurk yn beslach naam. De fertochten wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy moat beslisse oft de twa langer fêstsitte bliuwe. De plysje slút net út dat der noch mear arrestaasjes folgje yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)