Hieltyd mear 50-plussers begjinne eigen bedriuw

02 apr 2015 - 13:54
  • (foto-ympresje)

Hieltyd mear 50-plussers begjinne in eigen bedriuw. As ien fan dizze groep har baan ferliest komme se hast net mear oan it wurk en al hielendal net yn fêste tsjinst. Begjinne as ZZP'er is dan in oplossing. Yn Fryslân bart dat noch mear as yn oare provinsjes, blykt út sifers fan de barometer 50-plus fan it UVW. Yn 2012 begûnen 91 minsken fanút de WW in eigen bedriuw. In jier letter wiene dat er al 20 mear (110).

Yn 2014 stie de teller al op 122 minsken. Dy trend liket ek dit jier troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)