Smellingerlân ek te berikken mei Whatsapp

02 apr 2015 - 12:36

De gemeente Smellingerlân is fan no ôf ek te berikken mei Whatsapp. Wa't in fraach hat of wat oan de gemeente trochjaan wol, koe dat al digitaal, telefoanysk of op it gemeentehûs sels dwaan. Dêr is no Whatsapp bykaam.

De berjochten op de app binne yn de foarm fan in chat en binne privee. It nûmer fan de Whatsapp fan de gemeente Smellingerlân is 06-83551128.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)