Hylper oppakt foar hannel yn drugs

02 apr 2015 - 10:47

De plysje hat woansdei in man út Hylpen oppakt fanwege drugshannel. De plysje wie tipt oer in auto mei fertochte persoanen oan de Kleasterwei. By kontrôle troffen se de fertochte en syn freondinne. Se koene him, omdat er al earder oppakt wie foar drugsbesit. De man hie in mes by him, harddrugs en allerhanne pûdsjes dêr't drugs yn sieten of sitten hiene.

De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)