Brân by keallemesterij yn Eastersee
Op in pleats oan it Westeind yn Eastersee is tongersdeitemoarn brân útbrutsen. De brânwacht hie de brân frij gau ûnder kontrôle. It fjoer ûntstie yn in stâl mei jongfee. In bistedokter is oproppen om it fee te kontrolearjen.
Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend.