Organisaasje boate-opstapdei hat krityk op Merk Fryslân

01 apr 2015 - 21:31

Marketingorganisaasje Merk Fryslân is de ôfspraak om nasjonaal en ynternasjonaal reklame te meitsjen foar 'De Friese Boten Opstapdag' net neikommen. Dat seit Kees Alberts fan de organisaasje fan de dei, dy't no sneon is. It giet om de iepening fan it seizoen foar it boatsjeferhier. Dy wurdt dit kear foar de tredde kear holden yn alle wichtige Fryske wettersportplakken.

Der wurdt fan alles organisearre yn de wettersportdoarpen en stêden. Sa kinne besikers fergees op in boat meifarre.

Merk Fryslân is it net iens mei de krityk fan Alberts. Neffens Josette Häger fan Merk Fryslân binne alle ôfspraken neikommen en is der fan alles oan dien om de opstapdei yn Nederlân en yn it bûtenlân ûnder de oandacht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)