Strânfeest yn Dokkumer sintrum fan 't simmer

01 apr 2015 - 18:53

In part fan it Dokkumer sintrum sil fan 't simmer omtsjoene wurde ta in sânstrân. Op 12,13 en 14 juny organisearret de ûndernimmersferiening it evenemint DokkumBeach. It Marktplein yn Dokkum wurdt in strân mei tinten, strânflaggen en in strânbar.

Der wurde beachfollybalwedstriden organisearre en der kin barbekjûd wurde. Op de freed- en sneontejûn binne der live muzykoptredens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)