Frjentsjerteradiel: "Bûnsburo KNKB heart yn Frjentsjer"

01 apr 2015 - 17:16
  • KNKB

De gemeente Frjentsjerteradiel wol graach dat it Bûnsburo fan de KNKB werom komt yn Frjentsjer. Dat hat it kolleezje yn in brief oan it keatsbûn witte litte. It keatsbûn hâldt no kantoar op It Hearrenfean, mar Frjentsjerteradiel fynt dat Frjentsjer as keatsbolwurk fan Fryslân in folle better plak is.

Tongersdei sil de KNKB op de algemene ledegearkomste prate oer de takomstige húsfesting fan it bûnsburo. De gemeente wol ynkoarten om tafel mei de KNKB om de mooglikheden troch te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)