Finn van Albada (6) út Snits wol Alpe d'Huez beklimme

De seis-jierrige Finn van Albada fan Snits sil dizze simmer de Alp d'Huez beklimme. Hy docht dit om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei kanker. Oanlieding is dat in freondinne fan syn mem ferstoarn is troch kanker. Syn mem is ferpleechkundige en Finn heart dêr in soad oer.
Sa hat er betocht om ek yn aksje te kommen. Syn mem sil tegearre mei him de hege berch beklimme. De bedoeling is dat Finn mei de aksje fiiftûzen euro ophellet. De skoalle dêr't er op sit sil him fia de kompjûter folgje op syn tocht.