Senioaren sykje net aktyf en op 'e tiid nei goeie wenromte

01 apr 2015 - 14:31

Twa op de trije senioaren tinkt nei oer in ferhuzing nei in senioarewenning, mar acht op de tsien kear komme de senioaren net yn beweging. Dat docht bliken út sifers fan de ANBO. Fierder docht bliken dat ek 55-plussers mei ferhúsplannen net goed neitinke oer it sykjen fan in hûs, dat ek geskikt is foar harren takomst.

Faak binne de minsken der pas echt mei dwaande wannear't de need heech is. Tsjintwurdich moatte senioaren sa lang as mooglik thús wenje bliuwe, want in plak yn in âldereintehûs is net mear fanselssprekkend.

En as dan de âlderdomsferskynsels komme, is it te let om oer in nije geskikte wenfoarm te tinken mei de nedige oanpassings.

Trefwurden: 
ferhúzje senioaren wenromte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)