Beswieren tsjin Biltdiken as beskerme doarpsgesicht

Biltdiken © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferskate organisaasjes meitsje beswier tsjin it oanwizen troch it ministearje fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht. It giet it Nederlânske Ikkerbou Fakbûn, LTO en it Frysk Grûnbesit benammen om de 2500 hektare lânbougrûn dy't tagelyk oanwiisd is.
Dizze grûn leit tsjin de Biltdiken oan. Boeren wurde mei de nije bestimming behindere yn harren wurk. It ministearje hâldt tongersdei in harksit dêroer en de organisaasjes sille dan harren beswieren taljochtsje.