Brân yn loads Harns mooglik feroarsake troch himpkwekerij

01 apr 2015 - 11:19

De brân yn de loads yn Harns tiisdeitemiddei is mooglik feroarsake troch in himpkwekerij yn in gebou neist de loads. De plysje hat in 34-jierrige Harnzer oanhâlden as fertochte. Nei de brân die de plysje ûndersyk nei de oarsaak fan de brân oan de Zeepziedersstrjitte.

Derby waard yn in gebou tsjin de loads oan in himpkwekerij ûntdutsen. It wie fanwege de hurde wyn dreech om it fjoer te blussen, mar de brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei gebouwen neist de loads. By de brân kaam asbest frij, dat woansdeitemoarn opromme is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)