Snitsers mei drugs oanholden yn auto sûnder fersekering

© ANP XTRA
Twa Snitsers fan 29 en 33 jier binne tiisdeitejûn op de Alde Komerk yn Snits troch de plysje oanholden. De manlju waarden oanholden om't se yn in auto sûnder fersekering riden. Yn de auto trof de plysje doe ek twa XTC-tabletten oan.
Yn de klean fan ien fan de manlju waarden fjouwer wikkels mei amfetamine oantroffen. De manlju binne op it plysjeburo heard. De drugs binne yn beslach naam en de bestjoerder hat proses-ferbaal krigen foar it riden sûnder fersekering.