Johan Kiewiet wint Fryske Puk fan de Pettefletpriis 2015

31 mrt 2015 - 21:58
  • Johan Kiewiet (l) (hjir yn petear mei Koos Rypma)

Johan Kiewiet, de oprjochter fan de Amelander Energie Coöperatie, hat de Pluk van de Pettefletpriis 2015 yn Fryslân wûn. Dizze priis wurdt útrikt oan in persoan dy't him op bysûndere en kreative wize ynset foar natoer en miljeu yn de eigen omjouwing.

De priis is in inisjatyf fan Natoer- en Miljeufederaasjes yn gearwurking mei it radioprogramma Vroege Vogels. Kiewiet sette yn 2009 útein mei de Amelander Energie Coöperatie. Dat is no útgroeid ta in beweging fan 30 lokale enerzjykoöperaasjes.

Kiewiet krijt as Fryske winner in sjek fan 500 euro foar it fierder ûntwikkeljen fan syn enerzjyprojekt. Freed wurdt bekend oft hy ek de lanlike winner is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)