Skylge krijt in fiifkoppige advyskommisje gasboarrings

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De gemeente Skylge sil in advyskommisje foar gasboarrings beneame. Dat hat de gemeenteried tiisdeitejûn besletten. De kommisje, besteande út fiif leden út de mienskip, hat as taak om de gemeente te advisearjen by de prosedueres en de beslútfoarming omtrint gasboarrings by it waadeilân.
Der is in soad ûnrêst op it waadeilân troch mooglike gasboarrings troch Tulip Oil. De kommisjeleden sille sa gau as mooglik troch it kolleezje foardroegen wurde.