5000 minsken yn Nederlân litte moanne lang de alkohol stean

In lytse 5.000 minsken yn Nederlân ha yn maart meidien oan de aksje 'Ik Pas'. De dielnimmers besochten in moanne lang gjin alkohol te nimmen. Foar in protte minsken is it drinken fan alkohol in gewoante. Mear as de helte fan de manlju âlder as 50 jier drinkt op syn minst fjouwer kear yn de wike.
Foar froulju yn dyselde leeftyd is dat 35 prosint. Om bewust te wurden fan it drinkgedrach is de aksje 'Ik Pas' yn it libben roppen.
Jeroen Elfrink wurket by Ferslavingssoarch Noard Nederlân (VNN) en wie ien fan de dielnimmers. Syn alkoholleaze moanne hat fertuten dien, want hy is 3,2 kilo ôffallen. Dêrby sliept hy nei eigen sizzen ek better.
Dochs wol Elfrink sa no en dan wol in drankje drinken bliuwe. De aksje is in stik bewustwurding. As der drankproblemen binne, kinne minsken terjochte by NOVAE, in ûnderdiel fan VNN om ferslaafden te helpen.