Soad wjerstân tsjin plannen foar AZC by Balk

Der is in soad wjerstân tsjin de bou fan in nije AZC oan de râne fan Balk. Dat die tiisdeitejûn bliken op in ynformaasjejun oer it asylsikersintrum. It COA en de gemeente De Fryske Marren wolle in nij sintrum bouwe foar 500 minsken. De ynwenners fan it doarp binne it lykwols net iens mei de plannen. Sealesintrum de Treemter siet tiisdeitejûn fol mei krityske Balksters.
Woansdeitejûn wurdt der troch de gemeente de Fryske Marren, it COA en doarpsbewenners fierder praat oer de komst fan in azc yn Balk.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga is op lokaasje en twitteret oer wat der allegear sein wurdt.