Piter Wilkens ferfangt Teake van der Meer yn muzyktrio

Piter Wilkens nimt takom jier it plak yn fan 'Lytse Teake' van der Meer yn de teaterfoarstellings mei Griet Wiersma en Minze Dyksma. Van der Meer wol nei dit seizoen net mear grutte teaterfoarstellingen dwaan. Wilkens stie neffens Griet Wiersma boppeoan de list as ferfanger.
Wilkens hat in protte nocht oan de nije útdaging. In tal teaters hat al ynteresse yn it nije trio. It wurdt in foarstelling mei ferskes, sketskes en gûcheltrúks. Der sil ek in griemmank fan meisjongers yn komme.