Stoarm: mear as fyftich meldings oer skea

31 mrt 2015 - 16:58
  • Stiens skea

By de Feilichheidsregio Fryslân binne tsientallen meldings binnenkaam fan minsken dy't lêst hiene fan de hurde wyn. Neffens wurdfierder Anthony Hoogeveen stiet de teller yntusken boppe de fyftich meldings.

Net by alle meldings hoegde de brânwacht yn aksje te kommen. Wol hat hast elke blusgroep yn Fryslân tiisdei yn aksje west. Der waard benammen belle oer beammen dy't drigen om te fallen, reklamebuorden dy't fuortwaaiden of oer skea oan dakken.

By in skoalle op It Hearrenfean hat de plysje de strjitte ôfset omdat in part fan de dakbedekking losrekke is. By in tankstasjon op de A32 by Aldeholtwâlde driget it dak foar in part derôf te waaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)