COA en gemeente jouwe tekst en útlis yn Balk oer komst azc

It COA jout tiisdeitejûn tekst en útlis oan de ynwenners fan Balk oer de komst fan in asylsikerssintrum nei it doarp. De gemeente De Fryske Marren is ek oanwêzich op de iepenbiere gearkomste yn De Treemter. De gemeente wol perfoast dat it azc der komt.
De bewenners fan de Wikelerdyk, dy't de nije buorlju wurde fan it asylsikerssintrum, hawwe in brief stjoerd nei alle ynwenners fan it doarp. Se wolle de komst fan it azc opkeare.