Juridyske striid om galery op It Amelân

31 mrt 2015 - 15:42

De gemeente It Amelân en galeryhâldster Esther Nagtegael hawwe spul om it eardere gemeentehûs. De gemeente ferhiert it gebou oan Nagtegael fan galery Philadelphia, mar seit it no nedich te hawwen om it ynformaasjesintrum fan de Waadkampus yn ûnder te bringen. Dêrom is Nagtegael de hier opsein, mar sy wol net fuort.

Beide partijen hawwe mekoar foar de rjochter troffen. Dy sil yn april útspraak dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)