Oplossing foar ierappelsykte fytoftora

Wettenskippers fan Wageningen University hawwe in oplossing fûn foar de ierappelsykte fytoftora. Yn it laboratorium hawwe se in nij gen ûntdutsen dy't yn in wylde ierappel út Súd-Amearika siet. Troch it ynbringen fan it gen wurdt de Fryske ierappel minder fetber foar de sykte.
Foar Fryslân is it gen wichtich om't 70 prosint fan de ierappels nei it bûtelan útfierd wurdt. As fytoftora better bestriden wurde kin, giet de kwaliteit fan de ierappels omheech. Der hoege dan minder bestridingsmiddelen brûkt te wurden.