Grutte brân yn loads yn âlde sintrum fan Harns

Yn de Zeepziedersstrjitte yn Harns is tiisdeitemiddei in grutte brân útbrutsen yn in loads fan 20 by 16 meter. De korpsen fan Harns en Frjentsjer koene foarkomme dat de brân oersloech nei njonkenlizzende wenhuzen. Der wiene gjin minsken yn de gebouwen. It dak fan de loads stoarte yn. Oan it begjin fan de jûn waard it sein 'brandmeester jûn'.
De brânwacht warskôge minsken út de reek te bliuwen en ruten en doarren ticht te hâlden. De brânwacht hie by it bestiden fan de brân in soad lêst fan de hurde wyn.