Tineke Schokker waarnimmend boargemaster op Flylân

31 mrt 2015 - 12:59

Deputearre Tineke Schokker is tiisdeitemiddei beëdige ta waarnimmend boargemaster fan Flylân. Dat hat de provinsje bekend makke. Schokker folget Ella Schadd-de Boer op, dy't moandei ôfskie naam as waarnimmer. Flylân siket sûnt ferline jier nei in fêste boargemaster, mar by de 39 sollisitanten siet net de goeie kandidaat. Dêrop is besletten om earst in waarnimmer yn tsjinst te hâlden.

Schokker is foar ûnbepaalde tiid beneamd. De oare deputearren nimme har taken by de provinsje oer. Dat is oant der in nij kolleezje beneamd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)