Advys: Set gjin auto's en fytsen op de pier

31 mrt 2015 - 10:07
  • De seedyk moat wer 50 jier de see keare

De gemeente It Amelân advisearret om tiisdei gjin auto's of fytsen del te setten op de pier fan Nes. Dat hat te krijen mei heech wetter. Om healwei achten wurdt in hege wetterstân ferwachte. De daam komt dan neffens de gemeente ûnder wetter te stean.

De Waddentaxi fart net oant woansdeitemiddei 12 oere.

Yn ferbân mei de hege wetterstân farre de boaten fan Harns nei Flylân tiisdei in healoere earder. De boat fan 17.00 oere fan Flylân nei Harns fart no om 16.30 oere. De boat fan Harns werom nei Flylân giet om 18.30 oere yn plak fan om 19.00 oere.

De lêste boaten fan Lauwerseach nei Skiermûntseach (fan 18.30 en 19.30 oere) komme nei alle gedachten te ferfallen.

Op de Brandaris wurde wynstjitten fan wynkrêft 11 metten. De boat fan 12.30 oere fan Skylge nei Harns ferfalt en de boat fan 15.00 oere fan Harns nei Skylge ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)