Auto oer de kop yn Surhústerfean
In automobilist út it Grinslanner Mearum is moandei mei de auto oer de kop slein op de Dalwei yn Surhústerfean. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer. De auto rekke de stoepe, sloech trije kear oer de kop en skeat troch in stek.
De automobilist is mei de skrik frijkaam. De auto hie grutte skea.