Undersiken nei fynstof en lûd op fleanbasis Ljouwert

30 mrt 2015 - 21:56

De provinsje wol meiwurkje oan in ûndersyk nei de útstjit fan fynstof troch de Ljouwerter fleanbasis. By de fergadering fan de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert seine omwenners dat dêr ferlet fan is. Sa moat dúdlik wurde hoe grut oft de loftfersmoarging is fan de motoaren fan de fleantugen.

Hoe't dat ûndersyk der krekt út sjen moat, is noch net dúdlik. De fleanbasis makke op de fergadering bekend dat besjoen wurdt oft de miljeufergunning foar in part iepenbier makke wurde kin. Omwenners kinne dan ynsjoch krije yn de regels.

Fierder waard bekend dat twa renommearre ynstituten yn Nederlân besjen sille op hokker wize it lûd fan de fleanbasis Ljouwert it bêste mjitten wurde kin. It giet om it Nationaal Lucht- en Ruimtevaart Instituut, NLR en it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu.

Yn de Twadde Keamer is ôfpraat dat nei de komst fan de F35 it lûd goed yn de gaten hâlden wurde moat. Omwenners wolle it leafst in permanint lûdsmjitnet werby't mei mikrofoans lûd mjitten wurdt, krekt lykas yn de omjouwing fan Skiphol. De fraach is lykwols oft sa'n systeem alle fragen goed beantwurdet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)