Cambuurferdigener Vytas twa oant trije wike útskeakele

Vytautas Andriuskevicius yn achterfolging op Luciano Slagveer © awfoto.nl
De knibbelblessuere dy't Cambuurferdigener Vytas Andriuskevicius ôfrûne wike oprûn yn de ynterlân Ingelân-Litouwen falt ta. Op Twitter meldt de Ljouwerter fuotbalklup dat Litouwer Vytas nei alle gedachten twa oant trije wiken útskeakele is.
De ferdigener mist dêrtroch de wedstriden tsjin Go Ahead Eagles en FC Grins.