Hoareka Fryslân: "Net bliid mei nije lûdsregels kafees"

30 mrt 2015 - 21:16

Brânzje-organisaasje Hoareka Fryslân is net bliid mei de nije rjochtlinen foar lûd út kafees dy't moandei presintearre binne troch de Nederlandse Stichting voor Geluidshinder. De nije rjochtlinen binne opset om't buorlju fan hoarekasaken in soad oerlêst hawwe fan de dreunende bastoanen. Yn it rapport stiet dat dy bastoanen sa fermindere wurde moatte dat it bûten it gebou net mear te hearren is.

Neffens de Hoareka Fryslân is de oanbefelling te koart troch de bocht, want net alle kafees binne itselde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)